Inoar – in oar

It earste inoar moat oaninoar fêst as it yn it Nederlânsk ‘elkaar’ betsjutte moat. De útspraak [ənωar] is ek folslein oars as dy fan it twadde.
It twadde in oar [əno.ər] betsjut ‘een ander’.
‘Wy moatte inoar by need helpe’ is dus eins wat oars as ‘Wy moatte in oar by need helpe’, mar beide komme úteinlik wol op itselde del.
Ús mem hâldt fan in Noar [əno.ər], homonym fan it twadde, is wer hiel wat oars. Dat fynt ús heit ek.

Fout

Guon minsken sjogge it wurd fout as in hollanisme. De Fryske Akademy is lykwols fan betinken dat de fout (haadwurd) en fout (eigenskipswurd en bywurd) wol goed en geef Frysk binne.

Nei alle gedachten wat Fryskere alternativen binne:
‘Hy makke in flater‘ foar ‘Hy makke in fout‘.
‘Hy die it hielendal ferkeard‘ foar ‘Hy die it hielendal fout‘.
‘Hy die in misse set’ foar ‘Hy gie yn ‘e fout‘.

Mei oanjaan fan

It Frysk brûkt mei oanjaan fan ynstee fan it nei it Nederlânsk stjonkende ûnder fermelding fan. Fermelde en fermelding steane ûnderwilen wol yn it hânwurdboek F-F 2009, mar dat kin sjoen wurde as in te djippe bûging foar it Nederlânsk.
‘Een eervolle vermelding krijgen’ kin yn it Frysk oerset wurde as ‘Mei eare neamd wurde’.
It wurdboek FF (2009) hat it ynslûpsel earfolle fermelding lykwols opnommen.

Útrikke – útrikje (en oare)

Min: Yn elk gefal wurdt de Gerrit Bennerpriis yn febrewaris útrikke.
Geef: Yn alle gefallen wurdt de Gerrit Bennerpriis yn febrewaris útrikt.

De tiidwurden útrikke (uitreiken; mulwurd útrikt) en útrikje (uitroken; mulwurd útrikke) moatte net betize wurde.

‘In ieder geval’ en ‘elk jaar’ / ‘jaarlijks’ (bywurd) brûkt it Frysk resp. yn alle gefallen en alle jierren foar.
N.B. As ‘jaarlijks’ eigenskiplik (bijvoeglijk) brûkt wurdt, is it yn it Frysk jierliks! Foarbyld: in jierlikse útjefte.

Fan tsjinst wêze (en oare)

Min: Ik frege him wêrmei ik him fan tsjinst wêze koe.
Geef: Ik frege him wêr’t ik him mei helpe koe.

Fan tsjinst wêze is net de Fryske oersetting fan ‘van dienst zijn’.
It bywurd wêrmei wurdt, as it sinferbân dat talit en as it oan it begjin fan in bysin stiet, spjalten. Wêr wurdt dan ‘t oan tafoege.
Wêrmei is geef Frysk, mar inkeld as in op himsels steand freegjend foarnamwurd.

Jo – jim(me)

Jo is de hoflikheidsfoarm foar it Nederlânske ‘u’. Dêr wurdt ien persoan mei bedoeld. As dat ‘u’ lykwols op mear minsken slacht, dan wurdt it Fryske jo ek yn it meartal set: jim of jimme. As de oanhef fan in brief Achte bestjoer is, dan wurdt de oansprekfoarm yn it brief sels jim of jimme.

Jim en jimme is gjin ferskil tusken. It is ek noch besitlik te brûken: jim(me) heit, jim(me) boeken. Dêrby wol de oanrikkemandaasje om yn ien tekst ien foarm oan te hâlden.

Falide – ynvalide

Yn it Frysk bestiet de v as begjinletter fan in wurd net en wurdt ynstee dêrfan in f.
Ynvalide is in lienwurd út it Frânsk, resp. Nederlânsk. Yn dat wurd is de v stean bleaun.
Dat wykt dus ôf fan falide en fan minderfalide, dat in gearstalling fan minder en falide is.

Dus: de yngong foar ynvaliden is troch falide timmerlju makke.

N.B. It is trouwens ek advys / advizen en net adfys / adfizen.

fanút

Dat is gjin Frysk, mar in ynslûpsel út it Nederlânsk. Der kin, ôfhinklik fan de betsjutting, út beide ûndersteande alternativen keazen wurde:

De helpferliening wurdt út it Provinsjehûs wei regele.
Op grûn fan dy fisy sil it parkearbelied stal krije.

In konstruksje as ‘Wy geane derfan út dat ……..’ is, as it sa skreaun is, geef Frysk.

Aginda – agindearje

It boekje dêr’t it ien en oar yn opskreaun wurdt, is in aginda. Dus: in ôfspraak yn ‘e aginda sette. As it lykwols om te behanneljen punten yn bgl. in gearkomste giet, dan is it wol sa Frysk om wurklist te brûken.

Foar agindearje is it al net oars: punten op ‘e wurklist sette.

Foarwearde (en oare)

Min:   It skriuwen kinne fan in foutleas Frysk GS-stik is gjin foarwearde foar in oanstelling by de previnsje Fryslân.
Geef: It skriuwe kinnen fan in flaterfrij Frysk DS-stik is gjin betingst foar in oanstelling by de provinsje Fryslân.

It tiidwurd kinne wurdt hjir ferselsstannige (it lidwurd it stiet derfoar) en is dan feitliken in haadwurd (zelfstandig naamwoord) wurden. It is in regel dat der dan in n achter komt. Dat der oare wurden – hjir dus it tiidwurd skriuwe – tusken it en kinne steane, docht der net ta.

Foarwearde is gjin Frysk, al kart de staveringshifker it goed, om’t foar en wearde as ôfsûnderlike wurden wol geef Fryske wurden binne.
Previnsje (preventie) en provinsje binne homonimen: yn ‘e útspraak fan beide wurden is gjin ferskil te hearren.

bledside 1 fan 3123