Feilichheid – feiligens
In wurd as ‘veiligheid’ kin oerset wurde mei feilichheid of mei feiligens. Beide binne likegoed. Yn it earste part fan in gearstalling kin lykwols allinnich feilichheid brûkt wurde: feilichheidsfoarskrift. Dy taalregel jildt foar alle haadwurden (zelfstandige naamwoorden) dy’t op -ens èn op -heid útgean kinne.
No Comments