Foarwearde (en oare)
Min: It skriuwen kinne fan in foutleas Frysk GS-stik is gjin foarwearde foar in oanstelling by de previnsje Fryslân.
Geef: It skriuwe kinnen fan in flaterfrij Frysk DS-stik is gjin betingst foar in oanstelling by de provinsje Fryslân.
It tiidwurd kinne wurdt hjir ferselsstannige (it lidwurd it stiet derfoar) en is dan feitliken in haadwurd (zelfstandig naamwoord) wurden. It is in regel dat der dan in n achter komt. Dat der oare wurden – hjir dus it tiidwurd skriuwe – tusken it en kinne steane, docht der net ta.
Foarwearde is gjin Frysk, al kart de staveringshifker it goed, om’t foar en wearde as ôfsûnderlike wurden wol geef Fryske wurden binne.
Previnsje (preventie) en provinsje binne homonimen: yn ‘e útspraak fan beide wurden is gjin ferskil te hearren.
No Comments