Falide – ynvalide

Yn it Frysk bestiet de v as begjinletter fan in wurd net en wurdt ynstee dêrfan in f.
Ynvalide is in lienwurd út it Frânsk, resp. Nederlânsk. Yn dat wurd is de v stean bleaun.
Dat wykt dus ôf fan falide en fan minderfalide, dat in gearstalling fan minder en falide is.

Dus: de yngong foar ynvaliden is troch falide timmerlju makke.

N.B. It is trouwens ek advys / advizen en net adfys / adfizen.

About The Author

No Comments

Leave A Reply