Jo – jim(me)
Jo is de hoflikheidsfoarm foar it Nederlânske ‘u’. Dêr wurdt ien persoan mei bedoeld. As dat ‘u’ lykwols op mear minsken slacht, dan wurdt it Fryske jo ek yn it meartal set: jim of jimme. As de oanhef fan in brief Achte bestjoer is, dan wurdt de oansprekfoarm yn it brief sels jim of jimme.
Jim en jimme is gjin ferskil tusken. It is ek noch besitlik te brûken: jim(me) heit, jim(me) boeken. Dêrby wol de oanrikkemandaasje om yn ien tekst ien foarm oan te hâlden.
No Comments