Fan tsjinst wêze (en oare)

Min: Ik frege him wêrmei ik him fan tsjinst wêze koe.
Geef: Ik frege him wêr’t ik him mei helpe koe.

Fan tsjinst wêze is net de Fryske oersetting fan ‘van dienst zijn’.
It bywurd wêrmei wurdt, as it sinferbân dat talit en as it oan it begjin fan in bysin stiet, spjalten. Wêr wurdt dan ‘t oan tafoege.
Wêrmei is geef Frysk, mar inkeld as in op himsels steand freegjend foarnamwurd.

About The Author

No Comments

Leave A Reply