Útrikke – útrikje (en oare)
Min: Yn elk gefal wurdt de Gerrit Bennerpriis yn febrewaris útrikke.
Geef: Yn alle gefallen wurdt de Gerrit Bennerpriis yn febrewaris útrikt.
De tiidwurden útrikke (uitreiken; mulwurd útrikt) en útrikje (uitroken; mulwurd útrikke) moatte net betize wurde.
‘In ieder geval’ en ‘elk jaar’ / ‘jaarlijks’ (bywurd) brûkt it Frysk resp. yn alle gefallen en alle jierren foar.
N.B. As ‘jaarlijks’ eigenskiplik (bijvoeglijk) brûkt wurdt, is it yn it Frysk jierliks! Foarbyld: in jierlikse útjefte.
Opfrysker…
[...] something about opfrysker[...]…