Fout
Guon minsken sjogge it wurd fout as in hollanisme. De Fryske Akademy is lykwols fan betinken dat de fout (haadwurd) en fout (eigenskipswurd en bywurd) wol goed en geef Frysk binne.
Nei alle gedachten wat Fryskere alternativen binne:
‘Hy makke in flater‘ foar ‘Hy makke in fout‘.
‘Hy die it hielendal ferkeard‘ foar ‘Hy die it hielendal fout‘.
‘Hy die in misse set’ foar ‘Hy gie yn ‘e fout‘.
No Comments