Inoar – in oar
It earste inoar moat oaninoar fêst as it yn it Nederlânsk ‘elkaar’ betsjutte moat. De útspraak [ənωar] is ek folslein oars as dy fan it twadde.
It twadde in oar [əno.ər] betsjut ‘een ander’.
‘Wy moatte inoar by need helpe’ is dus eins wat oars as ‘Wy moatte in oar by need helpe’, mar beide komme úteinlik wol op itselde del.
Ús mem hâldt fan in Noar [əno.ər], homonym fan it twadde, is wer hiel wat oars. Dat fynt ús heit ek.
No Comments