De tredde persoan inkeltal (hy, sy, men) fan kenne is, by útsûndering, ken (en dus net kent).

Dat is net it gefal mei alle oare ôflate foarmen fan dat tiidwurd, lykas takenne, ûntkenne, ferkenne.
Hy ken in meiwurker by de provinsje Fryslân dy’t miljeufergunnings takent.

Foar de leafhawwers: it ferskynsel stiet bekend as in preteritum presentia, in opskode doetiid.

It Nederlânske ‘ter informatie’ of ‘ter kennisgeving’ wurdt faak ien op ien oerset as ta ynformaasje dat lykwols gjin Frysk is. Foar / ta kennisjouwing allikemin!
Om (jo / jim) te ynformearjen kin wol, mar foar kundskip komt noch wat Frysker oer.

Foar jild jildt dat it yn it Frysk gjin meartal hat.
‘Er worden geen subsidiegelden verstrekt’ wurdt oerset as ‘Der wurdt gjin subsydzjejild beskikber steld’.
Jilden wurdt yn de staveringshifker goedkard, om’t it as mulwurd (voltooid deelwoord) fan it tiidwurd jilde njonken gouwen (gegolden) wol bestiet.

It mulwurd (voltooid deelwoord) fan ôfrûnje (afronden) is ôfrûne.
By jildbedraggen is it brûken fan ôfrûne goed (mar yn rûn jild kin ek), by getallen hawwe wy it bgl. oer yn rûne sifers.

It mulwurd fan ôfrinne (aflopen) is ôfrûn.
‘De werkzaamheden zijn afgelopen week afgerond’ wurdt oerset as: ‘It wurk is ôfrûne wike ôfsletten‘ (en perfoarst net ôfrûne).

As it kofje-apparaat ‘bûten bedriuw’ is, dan wurket it op dat stuit net. Yn geef Frysk is it: út it wurk. It apparaat hoecht dan noch net stikken te wêzen, mar is bygelyks útskeakele.

Immen dy’t wat langer siik is en net op it wurk komme kin of immen dy’t hielendal net mear hoecht te wurkjen is ek út it wurk.

In protte dingen binne leuk, Frysk ek, mar leuk is gjin Frysk.
Alternativen binne ûnder oaren: aardich, alderaardichst, in aardichheid.

Foarbyld: Jan fynt it dûbeltalige en tagelyk dûbelsinnige ‘De makker krijt in lege rekken’ alderaardichst.