In nominearre, ‘een genomineerde’, (selsstannich brûkt dus), kin yn it Frysk net. “Hy is ien fan de nominearre kandidaten foar de Gysbert Japicxpriis” kin bygelyks wol.
Neffens de wurdboeken kinne de neikommende foarmen wol selsstannich brûkt wurde: adressearde, delegearde, dupearde, pensjonearde.
‘Genodigde’, ‘geïnteresseerde’ en ‘gevorderde’ binne oer te setten as resp. gast, belangstellende en ynwijde.

Yn it Frysk, mar ek yn guon oare talen, hawwe wy it net oer twa wike, mar oer fjirtjin of fjirtsjin dagen.
De meartalsfoarm fan wike is, yn alle oare gefallen dus, wike of wiken.

Liket tige Frysk, mar is it net. It wurd moat skaat wurde mei de bepaling dertuskenyn:
– ‘Fan hjoed ôf moat al it papier op it Provinsjehûs dûbelsidich brûkt wurde’, of oars:
– ‘Mei yngong fan‘ hjoed moat ….’

Yn (ferbân mei) fakatueres is it brûken fan sollisitant of sollisitearje nei net ferkeard, mar wol in swaktebod.
Gadingmakker, resp. gading meitsje oan hawwe de pree.