Nominearre (en oare)
In nominearre, ‘een genomineerde’, (selsstannich brûkt dus), kin yn it Frysk net. “Hy is ien fan de nominearre kandidaten foar de Gysbert Japicxpriis” kin bygelyks wol.
Neffens de wurdboeken kinne de neikommende foarmen wol selsstannich brûkt wurde: adressearde, delegearde, dupearde, pensjonearde.
‘Genodigde’, ‘geïnteresseerde’ en ‘gevorderde’ binne oer te setten as resp. gast, belangstellende en ynwijde.
No Comments