Hat west (en oare)
Min: De fergadering, dêr is der net nei ta west, en ek fjirder hat der niks dien.
Geef: De gearkomste, dêr hat er net hinne west, en fierder hat er ek neat dien.
De staveringshifker kart de folsleine earste sin goed, ek al binne fergadering en niks gjin Fryske wurden.
It tiidwurd wêze wurdt mei hawwe bûgd, dus: hy hat west.
It Fryske er is de net-beklamme foarm fan hy; yn ‘e útspraak is it ferskil tusken der en er hjir net te hearren.
Earne hinne gean is ‘ergens naar toe gaan’. De ynfloed fan it Nederlânsk is wol dúdlik.
Fierder is ôflaat fan fier en hat neat te krijen mei in fjirder (ynhâldsmjitte) en likemin mei fjirde (fan fjouwer).
It plak fan ek, yn ‘e midden fan de (twadde, njonkenskikkende) haadsin, is neffens de Afûk-regels.
.
Soe it net makliker wêze om te skriuwen:
‘Hy wie net by de gearkomste?’
‘Hy wie net by de gearkomste, en hy fierders ek neat dien….’
‘Hy hat fierders ek neat dien’ of ‘Fierders hat er ek neat dien’ seit my net safolle. Wie er oan it wurk of sa? Dan soe ik skriuwe:
‘Hy wie net by de gearkomste, en hy wie ek net oan it wurk.’