Omkriten
Maatskippij & Omjouwing (Maatschappij & Omgeving) wie eartiids de namme fan in haadgroep by de provinsje.
Omjouwing is lykwols gjin Frysk. Omjaan bestiet wol, mar mei de klam op it earste wurdlid (‘rondgeven’ by it kaartspul). Mooglik is it dêrfan ôflaat, as maklikste oplossing om it probleem út ‘e wei te gean.
In gaadlik alternatyf is omkriten, dat altyd yn ‘e meartalsfoarm brûkt wurde moat. Yn guon gefallen soe in oersetting mei ‘de wrâld om ús hinne’ ek kinne.
Foar ‘leefomgeving’ (as it om minsken giet) èn ‘woonomgeving’ kin wenfermidden brûkt wurde. Tink ek oan it Frânske ‘vivre’ (libje en wenje).
Foar ‘maatskippij’ kin trochstrings ek ‘mienskip’ brûkt wurde.
Der binne ferskate mooglikheden.
Mienskip en lân
Mienskip en omkriten
Mienskip en wenfermidden
Kreaktiviteit is seker in betingst foar it optinken fan sokke wurdkombinaasjes. Dêrneist moat it maklik te brûken wêze. Minsken moatte it dus wol maklik oernimme kinne.