It ferhâldingswurd (voorzetsel) per bestiet yn it Frysk net, al is per definysje wol yn it wurdboek N-F (by ‘definitie’) opnommen. Dy tsjinstridigens is der net foar de ûndersteande gefallen:

per 1 januari

per definitie, dat is … onmogelijk

per half pond

per persoon

per saldo (fig)

per saldo (lett)

per se

per sector

per stuk

per trein

per week

mei yngong fan 1 jannewaris

dat slút himsels út

it healpûn

de man

úteinlik

mei-inoar (komt it del op)

perfoarst

nei sektor

it stik

mei de trein

yn ‘e wike, wyks

It wurd foarjier (‘lente’, benammen it earste part dêrfan) stiet yn de Fryske neislachwurken. It is lykwols Frysker om maityd te brûken.

It opfallende is dat fan ‘t maityd sawol ‘afgelopen voorjaar’, ‘dit voorjaar’ as ‘komend voorjaar’ betsjutte kin. Mei in tiidwurd yn ‘e doe-, no- of dantiid derby is it dúdlik wat der bedoeld wurdt. It kin ek as maitiid, maaitiid en maaityd skreaun wurde.

Foar ‘haalbaarheid’ kinne helberens, helberheid of mooglikheid brûkt wurde neffens de Fryske Akademy.
Foar ‘haalbaarheidsonderzoek’ kinne inkeld de gearstallings mei de lêste beide haadwurden brûkt wurde (helberheidsûndersyk bgl.).
Wurden mei de útgong -ens litte harren as earste part fan in gearstald wurd nammentlik net mei in twadde wurd ferbine.

In bepaling dêr’t je je oan hâlde moatte, is in regel (ferkearsregels, gedrachsregels, spulregels).
In gewoante kin ek in regel wêze: yn ‘e regel giet er alle moandeis nei de supermerk.
As in rychje fan wurden of it (ûn)sichtber lyntsje yn in tekst bedoeld wurdt, dan is it Fryske wurd: rigel (tekstrigel, in lege rigel).