Maityd
It wurd foarjier (‘lente’, benammen it earste part dêrfan) stiet yn de Fryske neislachwurken. It is lykwols Frysker om maityd te brûken.
It opfallende is dat fan ‘t maityd sawol ‘afgelopen voorjaar’, ‘dit voorjaar’ as ‘komend voorjaar’ betsjutte kin. Mei in tiidwurd yn ‘e doe-, no- of dantiid derby is it dúdlik wat der bedoeld wurdt. It kin ek as maitiid, maaitiid en maaityd skreaun wurde.
No Comments