Hjerringslynder

De hjerringslynder (Podiceps cristatus) is in echte wetterfûgel. Jo sjogge him it meast swimmend op fearten en marren. Út en troch dûkt er ûnder om in ein fierderop wer boppe wetter te kommen.

Oare Fryske nammen foar hjerringslynder

De hjerringslynder wurdt yn Fryslân ek wol beneamd as Grutte Ieldûker, Ielslynder as Kroandûker.

Uterlik fan de hjerringslynder

De hjerringslynder is goed wer te kennen oan syn wyt boarst en syn donkere earplûmen.

Nei immen of nei it ien of oar ynformearje kin, as safolle dingen yn in taal dy’t gefoelich foar ynterferinsjes (ynslûpsels) is, net samar ôfkard wurde. Hjirby wol in gaadlik en Frysker alternatyf: fernimme (nei).

Fernimme yn de betsjutting fan ‘horen’ en fan ‘voelen, bemerken’ binne by de measten wol bekend, mar der is dus noch in tredde. It ferhâldingswurd (voorzetsel) nei moat der dan wol by: De baas frege syn siktaresse om nei de fersomgefallen te fernimmen.

ielgoes

De ielgoes is in grutte hielendal swarte wetterfûgel fan sa’n 77-94 sm by in gewicht fan 2,5 oant 3,5 kg. De Ielgoes sit hielendal swart yn de fearren, yn it briedseizoen hawwe de fûgels in wite flek op de underkant fan de kop efter de snaffel. De Ielgoes hat in grutte snaffel mei in heak op ‘e ein. Oan it begjin fan de snaffel hat er in giele flek.

De Ielguozzen komme yn hiel Jeropa oan de kust foar. By ‘t winter lûke de noard-eastlike fûgels mear nei it suden en it westen.

De Ielguozzen ite foaral fisk, dy’t se fange troch ûnder wetter te dûken. Yn tsjinstelling ta de measte oare wetterfûgels hawwe de Ielguozzen gjin beskermjende fetlaach yn de fearren. In foardiel dêrfan is dat de Ielguozzen djipper dûke kinne. It neidiel is wol dat syn fearren fol wetter komme wêrtroch’t hy skoften syn wjukken yn de sinne droegje moat foardat er wer fleane kin. Ielguozzen binne dan ek faak oan de kant fan it wetter te sjen mei de wjukken wiid útinoar om se yn de sinne te droegjen.

Op it Provinsjehûs wurdt in soad oerlein. Net ferkeard dus om goed mei it tiidwurd oerlizze om te gean.

Wat de útspraak oanbelanget: de klam leit, oars as yn syn Nederlânske wjergader ‘overleggen’, op it earste wurdlid. Dat bringt wer tewei dat in tiidwurd as oerlizze skiedber is, te ferlykjen mei oergean. Dus: de provinsje leit mei de gemeenten oer; hy giet moarn oer.

Noch wat foarbylden fan tiidwurden dy’t trochstrings om deselde reden ferkeard brûkt wurde: oerlangje (overhandigen), oerkomme (overkomen), foarkomme (voorkomen = vermijden), trochsjen (doorzien). Yn guon mulwurden (voltooide deelwoorden) is it al net oars: trochbakt (doorbakken).

Sjoch eventueel ek op de siden 30-32 fan it boekje Tiidwurden.