ielreager

De Ielreager (Ardea cinerea) is de meast foarkommende soart út de famylje fan de Reagerfûgels yn Fryslân.

De Ielreager is in grutte fûgel fan sa’n 90 sm en kin wol 1600 gram wage. De beide slachten hawwe in gelikens uterlik. De boppekant is griis, fan de kop oan’t de sturt, ek de wjukken binne griis mei swarte úteinen. De kop is wyt mei in brede swarte streek troch it each dy’t trochrint oant yn de lange swarte tûfe. De foar- en ûnderkant is aardich ljocht, wyt mei grize streken.

Fisk is it grutste part fan it iten fan de Ielreager. Fierder yt der ek wol kikkerts, ringslangen, ynsekten, wjirms, slakken en jonge fûgels, somtiden ek wol mollen, rotten en mûzen.

Min: It hat der alle skyn fan dat it giet slagjen.*
Geef: It hat der in soad fan wei dat it slagje sil.

As helptiidwurd fan de dantiid (toekomende tijd) brûke wy dus sille en dat komt oan ‘e ein fan ‘e bysin. Gean kin sûnder te brûkt wurde mei de tiidwurden sitte, stean, hingje en lizze (hy giet lizzen). Gean wurdt in tige neie takomst mei oanjûn, eins wurdt de hanneling fuortdaliks útfierd.

Mei alle oare tiidwurden krijt gean altyd te derby (hy giet te fiskjen).

* Dat ferskynsel, it omdraaien fan beide tiidwurden, wurdt in syntaktyske ynterferinsje neamd.

blokmies

De Blokmies (Parus Major) is mei 14 sm de grutste fûgel út de famylje fan de Miezen (Paridae). De Blokmies is algemien yn hiel Jeropa en Aazje, oeral dêr’t beammen steane, foaral yn tunen, parken en iepen boskgebieten.

Oare Fryske nammen

De Blokmies wurdt yn it Frysk ek wol beneamd as Blausyske, Blokfink, Bijbiter, Gielboarstke, Stiselkopke as Swartkopke.

Wy ferwachtsje in noch neier út te wurkjen plan dan wol ideeën foar in oplossing foar it probleem.

Dan wol (soms ek as ien wurd skreaun) komt streekrjocht út it Nederlânsk en bestiet as sadanich net yn it Frysk. Wat it wol wêze moat: of.

It antwurd op de fraach “Komst moarntejûn, ast hûndert euro krijst, ek op it feest fan skoanmem?” “Ja, dan wol!” is fansels geef Frysk. It betsjut yn dat gefal wol wat oars.