tomke

It Tomke (Troglodytes troglodytes) is de ienigste fûgel út de famylje fan de Tomkes dy’t yn Europa foarkomt. Alle oare soarten libje yn Noard- en Súd-Amearika.

It Tomke is ien fan de lytste fûgelsoarten fan Europa en kin fanwege syn koarte wjukken net sa’n bêst fleane. Hy is sa’n 9,5 sm lang en waget 10 gram. Sawol it mantsje as it wyfke hawwe brune fearren. De opfallende sturt stiet rjocht omheech.

Oare nammen

It Tomke wurdt yn it Frysk ek wol oantsjutten mei: Mûske, Múske, Tommelid as Winterkeninkje.

Fersprieding

It Tomke is meast te finen yn tichte strûken foaral yn de buert fan wetter. Hy komt op it noardlik healrûn oer de hiele wrâld foar. Yn Euraazje komme sa’n 27 ûndersoarten foar en yn Noard-Amearika ek nochris 12.

Iten

Tomkes ite meast ynsekten en harren larven en spintsjes. Ek ite se sa no en dan wol sied fan lytse plantsjes.

Fuortplanting

It mantsje begjint al by’t winter mei it bouen fan in tal nêsten dy’t er oan it wyfke oanbiedt. De nêsten binne rûn mei in yngong oan de sydkant en lizze meast krekt boppe de grûn. De nêsten wurde makke fan mos, blêden en gers. Ein april leit it wyfke 5-7 wite aaien mei readbrune stippen. Nei sa’n 14-16 dagen brieden komme de aaien út, wernei de beide âlden de jongen nog 2 wike fuorje foardat de jongen útfleane. It Tomke briedt meast twa kear yn it jier.

Geef:     “Do kinst dy tsjin in ridlike preemje by it IZA tsjin syktekosten fersekerje.”
Min:      “Ik fersekerje jo dat it jierferslach 2008 maart 2009 klear is.”
Geef:      Jo kinne der fan op oan dat it jierferslach 2008 maart 2009 klear is.

protter

De Protter (Sturnus vulgaris) as Staar, Staring, Stark en Starring, is in lânseigen fûgel in Europa en Aazje. Hy is ek oerbrocht troch de minsken nei Noard-Amearika, Súd-Afrika, Austraalje en Nij Seelân.

Yn de hjerst en winter foarmje de protters grutte kloften. By jûntiid sammelje sy har’ yn in grutte groep en sykje in sliepplak op. De fûgels yn Nederlân binne foar it grutste part trekfûgel en lûke nei it suden en westen ta, sa as Frankryk en Grut-Brittanje. Op de plakken dêr’t se oerwinterje foarmje de protters somtiden wol kloften fan oant 1 miljoen fûgels.

Protters binne by steat om de lûden fan oare fûgels nei te dwaan.

Min:     ‘De kommissaris skodde de deputearre de hân‘.
Geef:    ‘De kommissaris fûstke (fan fûstkje dus) mei de deputearre’.

It wol skodzje kinne is trouwens likemin geef Frysk. Dat stjonkt trije dagen yn ‘e nije wike nei it Nederlânsk. It wol ferjitte kinne is in goed alternatyf.

readewikel

De reade wikel of toerfalk (Latynske namme: Falco tinnunculus) is in rôffûgel út de famylje fan de falken. It is yn West- en Midden-Jeropa fierwei de meast algemiene falkesoart. Yn Fryslân komt de fûgel it hiele jier foar mar yn Skandinaavje en Ruslân allinich simmers.

It binne readbrúne fûgels mei donkere plakken op de wjukken en in lange sturt. It mantsje is wat lytser, en is ek wer te kennen oan syn blauwe kop.

De 30-35 sm grutte fûgel is faak te sjen boppe de berms oan de kant fan de dyk. De fûgel hinget dan faak stil yn de loft wylst er om iten siket, it saneamde wikeljen. As er in proai sjocht dûkt er der boppeop.

Hy yt meast mûzen en ynsekten, mar ek wol kikkerts en fûgels dy’t op de grûn sitte.

Dat net-folsleine sintsje fan twa wurden (yn ‘e betsjutting dat ien en oar ôfpraat is en nochris befêstige wurdt) heart men rûnom oan ‘e ein fan in tillefoanpetear yn it Frysk. It wurdt faak ek noch op syn Nederlânsk útsprutsen.

It Frysk hat dêr lykwols mei Bêst genôch in geve wjergader foar.

muzebiter

De Mûzebiter (Buteo Buteo) is ien fan de meast foarkommende rôffûgels yn Nederlân. Hy bliuwt dêr ek it hiele jier rûn. Yn de winter binne yn Nederlân ek mûzebiters út Skandinaavje te finen.

De 51-57 sm grutte fûgel kin ferskate kleuren hawwe, fan hielendal brún oant en mei in frij ljochte fûgel mei in protte wite fearren.

It Nederlânske ‘met twee maten meten’ kin, spitich mar wier, net wurd foar wurd yn it Frysk oernommen wurde. Dat wol sizze as it figuerlik bedoeld is. In provinsjale lânmjitter soe dus wol sizze kinne: “Yn it fjild soe ik leaver mei twa maten mjitte wolle.”

Geef Frysk is bgl. partijich wêze, partidich wêze, posysje kieze, immen foarstean.
It haadwurd (zelfstandig naamwoord) mjitte (ienheid fan lingte, ensfh.) is it geve wurd foar it Nederlânske ‘maat’. It tiidwurd (werkwoord) mjitte is ‘meten’. It Fryske wurd maat stiet foar ‘kameraad’, ‘vriend’, ‘partner’.