Wy hearre faak in dúdlik d-lûd as beide wurden yn it meartal brûkt wurde. Dat is yn dat gefal gjin geef Frysk.

It getal 100 wurdt as hûndert skreaun en it meartal dêrfan is dus hûnderten.
It getal 1000 wurdt as tûzen skreaun en it meartal dêrfan is dus tûzenen.

‘Vele duizenden’ kin oerset wurde mei tûzenen en tûzenen of mei ferskate tûzenen.

 

markol

De Markol (Fulica atra) is in 38 sm grutte wetterfûgel. Hy is hielendal swart mei in wite snaffel en in wite foarholle. Markols komme in protte foar op marren en yn fearten yn ‘e buert fan reidseamen.

De markol wurdt yn Fryslân ek wol beneamd as Blêsein, Blêskop, Dútser, Merkel, Merkol, Poep as Swarte Blêsde Ein.

De Markol dûkt in protte nei iten, benammen nei wetterplanten. Hy yt ek wol ynsekten en slakken. De Markol is net sa bêst op de wjukken. Meastal as er hurd fuort wol, rint er fladderjend oer it wetter sûnder echt te fleanen. Ek by it omheech kommen om te fleanen rint er earst in ein oer it wetter.

 

ychel

De stikelbaarch (Latynske namme: Erinaceus europaeus), ek wol ychel, ychelbaarch of ychelswyn neamd, is in wiid ferspraat sûchdier út ‘e famylje fan de stikelbargen (Erinaceidae), dat yn Fryslân rûnom foarkomt.

Om ûnderskie te meitsjen mei oare stikelbargesoarten wurdt er ek wol oantsjut as de gewoane stikelbaarch, de westlike stikelbaarch of de Jeropeeske stikelbaarch.

It is in bekende ferskining yn tunen yn West-Jeropa. De stikelbaarch is benammen bekend om syn stikelpels en syn gewoante om him by gefaar op te rôljen.

 

It mulwurd (voltooid deelwoord) sjoen fan it tiidwurd sjen is geef Frysk yn in sin as “Ik haw dy juster sjoen”.
Sjoen as ferhâldingswurd (voorzetsel) kin lykwols net: “Sjoen de foarskiednis sette wy it ûnderwerp op ‘e wurklist” moat dus ôfkard wurde.
Mei it each op is dêr dé útdrukking foar. It sintúchlike aspekt bliuwt der sa ek yn (sjen dogge je mei de eagen).

 

 

stranljip

De Haematopus ostralegus is de meast foarkommende soart út de famylje fan de Strânljippen. De 43 sm grutte fûgel is goed wer te kennen oan syn wat dûbele bou, syn swart-wite fearren en syn fel oranje snaffel en poaten.

seefugel

Offisjeel in kôb, maar yn daagliks brûken seefûgel. Us pake sei altyd:

Seefûgels op ‘e grien, dan wurdt it waar gemien.
Seefûgels op ‘e bou, dan bliuwt it waar getrou.

 

Der is in Frysker wurd foar evaluaasje (dat op himsels trouwens net ferkeard is) en dat is hifking.
Hifkje betsjut eins ‘op de hand wegen’ / ‘het gewicht bepalen van’ en by útwreiding ‘beoordelen’, ‘toetsen’, ‘evalueren’.

Hifkje wurdt ek brûkt foar it Nederlânske tiidwurd ‘polsen’: Is prof.dr.ir. P. Akkermans al foar dy funksje hifke?
‘Quick scan’ hat it Frysk fluchhifking foar.