Yn guon gefallen binne der ek Fryske nammen foar plakken dy’t bûten de provinsjegrinzen lizze, bygelyks:

Drinte
Hegefean, Ien, Noarch en Roan

Grinslân
Âlde Pekel, De Grinzer Pein (Opende), De Wylp, Feandaam, Grins, Heechsân, Liens, Mearum, Sâltkamp en Wynskoat.

Noard-Hollân
Haarlim, Hoarn, Inkhuzen, Memelik en Poarmerein.

Oerisel
De Kúnder, Dimter, Stienwyk, Swol en Ynskedee.

Súd-Hollân
Boadegraven, De Haach, Doardt en Leien.

In pear oare ôfwikende nammen yn Nederlân: Almeare, Hurderwyk, Utert en Weinum (Wageningen). Dêrbûten: Âldeburch (Oldenburg), Auwerk (Aurich), Berlyn en Parys.

It sil dúdlik wêze dat de boppesteande list lang net folslein is.

skries

De Skries (Limosa limosa) is in fûgelsoarte út de famylje van de Snipfûgels.

De skries is ien fan de meast bekende greidefûgel. Wol hâldt de skries fan wat sompiger greiden. Op de hjoeddeistige greiden mei in leech wetterpeil fielt er him net thús. De skries is dêrom de lêste tiid yn tal hurd efterútbuorke. De skriezen sykje harren iten mei harren lange snaffel yn ‘e grûn, it leafst yn ûndjip wetter.

It briedgebiet fan de Skries rint fan Yslân oant it easten fan Sibearje. De oerwinteringsgebieden lizze yn Súd-Jeropa, Afrika en sels Austraalje. Mei de fûgeltrek binne de skriezen ek in protte yn de waadgebieden te sjen.

De skriezen briede fan ein april ôf op 4 aaien. 24 dagen lang briede de fûgels om bar op de aaien. Wylst it gers langer wurdt ûnder it brieden, wurdt it nêst geandewei better kamûflearre. De âlden passe noch sa’n 4 wike op de jongen. Dit meie se graach dwaan troch op yn hikkepealtsje de jongen yn it each te hâlden.

Yn protte nêsten wurde troch seefûgels of krieën leechrôve. De skriezen meie dan ek graach yn ‘e buert fan ljippen en tsjirken briede sadat de nêsten mei syn allen ferdigene wurde kinne.

* ik haw it plaatsje stikem lient fan Ed Mather, in natuerfotograaf *