Binnen

Binnen is in geef Frysk wurd yn de neikommende foarbylden: Boersma is binnen (hoecht net mear te wurkjen), binnen de muorren fan it Provinsjehûs, oan ‘e binnenkant, it hea is binnen, ensfh.

Der binne lykwols (tal fan) oare gefallen dêr’t binnen net brûkt wurde kin. In pear foarbylden:
– Boersma is yn ‘e hûs (net bûten dus)
– In projekt yn it ramt fan Fryske Fiersichten (yn ferbân mei, as ûnderdiel fan wat der neamd wurdt)
– Kom deryn!
Yn it Provinsjehûs hingje tal fan keunstwurken.
– Der binne in soad enkêteformulieren ynkommen.
– Hy woe o sa graach wat op it kleed bringe, mar der skeat him neat yn ‘t sin (en net: te binnen).

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *