Briefkje – briefkerij

skriuwe

Yn teksten lêze wy gauris korrespondearje en korrespondinsje. Beide binne goed, as it wurdboek dêrby teminsten it útgongspunt is.

Itselde wurdboek jout lykwols resp. ek briefkje, brievje, brieveskriuwe, brievewikselje en briefkerij, brieveskriuwerij, brievewiksel, brievewikseling as Fryskere alternativen. Briefkje en briefkerij komme fan dy rychjes it faakst foar en wurde by dizzen oanrikkemandearre.

Tink derom dat de tiidwurden brieveskriuwe en brievewikselje net skiedber binne. Betink ek dat, oars as wat je rûnom hearre, it yn it Frysk brievekaart en brievepapier is.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *