skiep

Fan Ald Frysk skēp, schēp, fan Proto-Duutsk skēpą. Ferglykje Saterlânsk Frysk scep, Ingelsk sheep, Leech Duutsk schaap, Nederlâansk schaap, Duutsk schaf.

fryskhynder

It Frysk hynder is it âldste ynlânske hynsteras fan Nederlân. Syn woartels geane fier werom yn’e tiid. Al yn de 13e ieu wie de Fries bekend en de Fries fan no fertoant noch hieltiten dúdlike oerienkomsten mei syn fiere foarâlden.

baarch

De baarch is een yntelligint, nijsgjirrich, sosjaal en, nettsjinsteande syn reputaasje, relatyf skjin bist, dat goed te belearen is.

Troch fokkerij besteane der hjoed de dei witwat ûnderskate bargerassen. As selskipsdier is fral it hingbúkswyn populêr.

Yn grutte parten fan ‘e wrâld besteane populaasjes fan ferwyldere bargen, wêrfan’t de foarâlden faak útset binne troch westerske seelju om op fêste punten op harren reizen oan farsk fleis komme te kinnen.

 

fjildmus

Dizze soarte komt foar yn hast hiel kontinintaal Jeropa (ynkl. Nederlân) en yn westlik Sibearje en dielen fan Sintraal-Aazje. De fjildmûs is yn Fryslân ien fan ‘e meast foarkommende wrotmûzen.

Hoewol’t er minskeskou is, kin er soms fan in ôfstân waarnommen wurde as er op ‘e efterpoaten steand om him hinne gluorket.

Foar de lânbou wurdt dizze soarte soms as in pleachdier beskôge.

 

ychel

De stikelbaarch (Latynske namme: Erinaceus europaeus), ek wol ychel, ychelbaarch of ychelswyn neamd, is in wiid ferspraat sûchdier út ‘e famylje fan de stikelbargen (Erinaceidae), dat yn Fryslân rûnom foarkomt.

Om ûnderskie te meitsjen mei oare stikelbargesoarten wurdt er ek wol oantsjut as de gewoane stikelbaarch, de westlike stikelbaarch of de Jeropeeske stikelbaarch.

It is in bekende ferskining yn tunen yn West-Jeropa. De stikelbaarch is benammen bekend om syn stikelpels en syn gewoante om him by gefaar op te rôljen.