boumantsje

De boumantsjes binne in protte yn it iepen fjild te finen, meast yn de buert fan wetter. Ek komme se wol tichtby de minsken yn doarpen, op buorkerijen ensfh. It boumantsje komt foar yn hiel Europa. Yn it noarden, easten en sintraal Jeropa is it in trekfûgel mar yn it westen en suden komt er it hiele jier foar.

It Boumantsje yt meastentiids ynsekten, foaral miggen, neven en mychammels.

It wyfke bout in nêst yn in holte, bygelyks yn in muorre, in hol yn in beam, in stapel boumateriaal. Meastentiids wurde twa kear per jier 5-6 aaien útbret. It wyfke sit sa’n 12 oant 15 dagen op de aaien te brieden. Dêrnei wurde de jongen twa wike lang troch beide âlden fuorre foardat se útfleane.

skries

De Skries (Limosa limosa) is in fûgelsoarte út de famylje van de Snipfûgels.

De skries is ien fan de meast bekende greidefûgel. Wol hâldt de skries fan wat sompiger greiden. Op de hjoeddeistige greiden mei in leech wetterpeil fielt er him net thús. De skries is dêrom de lêste tiid yn tal hurd efterútbuorke. De skriezen sykje harren iten mei harren lange snaffel yn ‘e grûn, it leafst yn ûndjip wetter.

It briedgebiet fan de Skries rint fan Yslân oant it easten fan Sibearje. De oerwinteringsgebieden lizze yn Súd-Jeropa, Afrika en sels Austraalje. Mei de fûgeltrek binne de skriezen ek in protte yn de waadgebieden te sjen.

De skriezen briede fan ein april ôf op 4 aaien. 24 dagen lang briede de fûgels om bar op de aaien. Wylst it gers langer wurdt ûnder it brieden, wurdt it nêst geandewei better kamûflearre. De âlden passe noch sa’n 4 wike op de jongen. Dit meie se graach dwaan troch op yn hikkepealtsje de jongen yn it each te hâlden.

Yn protte nêsten wurde troch seefûgels of krieën leechrôve. De skriezen meie dan ek graach yn ‘e buert fan ljippen en tsjirken briede sadat de nêsten mei syn allen ferdigene wurde kinne.

* ik haw it plaatsje stikem lient fan Ed Mather, in natuerfotograaf *

ein

De Wylde Ein (Anas platyrhynchos) is in fûgel út it skaai fan de Einen en de famylje fan de einfûgels dy’t yn Fryslân in protte foarkomt.

De jerke is goed wer te kennen oan syn glânzjende griene kop, syn wite halsbân en syn kastanjebrune boarst.

It brune wyfke is minder opfallend. Beide einen hawwe in blau plak op de wjukken, mei wite streken der bylâns.

De wylde ein is sa’n 58 sm lang en tusken de 700-1500 gram swier.

 

hoarnule

De Hoarnûle (Asio Otus) is in 36 sm grutte ûle dy allinnich nachts aktyf is. Oerdeis sit er meast yn de beammen ferskûle. By winterdei siket er hjirta grien bliuwende beammen út, lykas as spjirren. De Hoarnûle is goed werkenber oan syn grutte earplûmen.

De Hoarnûle brûkt foar it brieden meast nêsten fan de krie. Yn april oant maaie begjint it wyfke op sa’n 5-6 aaien te brieden. De aaien komme út nei sa’n 26 dagen. Lykas by de measte ûlen begjint it wyfke fuort by it earst leine aai te brieden. It gefolch dêrfan is dat de jongen yn it nêst net likegrut binne. De jongsten binne lytser en hawwe in lytsere kâns om út te fleanen as de âldsten.

 

klyster

De Klyster, ek wol Swarte lyster neamd, (Turdus merula) is in fûgel út de famylje fan de lysterfûgels.

It mantsje sit hielendal swart yn de fearren, fandêr ek syn Ingelske namme Blackbird. Fierder hat hy grize poaten en in giele snaffel en in giele ring om it each, It wyfke is hiel ûnopfallend mei brúngrize fearren en ek gjin giele snaffel of ring. De Klysters binne sa’n 25 sm grut.

 

markol

De Markol (Fulica atra) is in 38 sm grutte wetterfûgel. Hy is hielendal swart mei in wite snaffel en in wite foarholle. Markols komme in protte foar op marren en yn fearten yn ‘e buert fan reidseamen.

De markol wurdt yn Fryslân ek wol beneamd as Blêsein, Blêskop, Dútser, Merkel, Merkol, Poep as Swarte Blêsde Ein.

De Markol dûkt in protte nei iten, benammen nei wetterplanten. Hy yt ek wol ynsekten en slakken. De Markol is net sa bêst op de wjukken. Meastal as er hurd fuort wol, rint er fladderjend oer it wetter sûnder echt te fleanen. Ek by it omheech kommen om te fleanen rint er earst in ein oer it wetter.

 

stranljip

De Haematopus ostralegus is de meast foarkommende soart út de famylje fan de Strânljippen. De 43 sm grutte fûgel is goed wer te kennen oan syn wat dûbele bou, syn swart-wite fearren en syn fel oranje snaffel en poaten.

seefugel

Offisjeel in kôb, maar yn daagliks brûken seefûgel. Us pake sei altyd:

Seefûgels op ‘e grien, dan wurdt it waar gemien.
Seefûgels op ‘e bou, dan bliuwt it waar getrou.

 

tomke

It Tomke (Troglodytes troglodytes) is de ienigste fûgel út de famylje fan de Tomkes dy’t yn Europa foarkomt. Alle oare soarten libje yn Noard- en Súd-Amearika.

It Tomke is ien fan de lytste fûgelsoarten fan Europa en kin fanwege syn koarte wjukken net sa’n bêst fleane. Hy is sa’n 9,5 sm lang en waget 10 gram. Sawol it mantsje as it wyfke hawwe brune fearren. De opfallende sturt stiet rjocht omheech.

Oare nammen

It Tomke wurdt yn it Frysk ek wol oantsjutten mei: Mûske, Múske, Tommelid as Winterkeninkje.

Fersprieding

It Tomke is meast te finen yn tichte strûken foaral yn de buert fan wetter. Hy komt op it noardlik healrûn oer de hiele wrâld foar. Yn Euraazje komme sa’n 27 ûndersoarten foar en yn Noard-Amearika ek nochris 12.

Iten

Tomkes ite meast ynsekten en harren larven en spintsjes. Ek ite se sa no en dan wol sied fan lytse plantsjes.

Fuortplanting

It mantsje begjint al by’t winter mei it bouen fan in tal nêsten dy’t er oan it wyfke oanbiedt. De nêsten binne rûn mei in yngong oan de sydkant en lizze meast krekt boppe de grûn. De nêsten wurde makke fan mos, blêden en gers. Ein april leit it wyfke 5-7 wite aaien mei readbrune stippen. Nei sa’n 14-16 dagen brieden komme de aaien út, wernei de beide âlden de jongen nog 2 wike fuorje foardat de jongen útfleane. It Tomke briedt meast twa kear yn it jier.