Om oan te jaan dat it ien of oar net krekt safolle is, mar dat it ek justjes mear of minder wêze kin, binne der yn it Frysk wurden genôch om soks dúdlik te meitsjen: sa’n, likernôch, sawat, om-ende-by, om …… hinne, ensfh.

As it mar net ûngefear is. Dat wurd bestiet net, al sjocht it der noch sa Frysk út.

 

Yn guon gefallen binne der ek Fryske nammen foar plakken dy’t bûten de provinsjegrinzen lizze, bygelyks:

Drinte
Hegefean, Ien, Noarch en Roan

Grinslân
Âlde Pekel, De Grinzer Pein (Opende), De Wylp, Feandaam, Grins, Heechsân, Liens, Mearum, Sâltkamp en Wynskoat.

Noard-Hollân
Haarlim, Hoarn, Inkhuzen, Memelik en Poarmerein.

Oerisel
De Kúnder, Dimter, Stienwyk, Swol en Ynskedee.

Súd-Hollân
Boadegraven, De Haach, Doardt en Leien.

In pear oare ôfwikende nammen yn Nederlân: Almeare, Hurderwyk, Utert en Weinum (Wageningen). Dêrbûten: Âldeburch (Oldenburg), Auwerk (Aurich), Berlyn en Parys.

It sil dúdlik wêze dat de boppesteande list lang net folslein is.

skriuwe

Yn teksten lêze wy gauris korrespondearje en korrespondinsje. Beide binne goed, as it wurdboek dêrby teminsten it útgongspunt is.

Itselde wurdboek jout lykwols resp. ek briefkje, brievje, brieveskriuwe, brievewikselje en briefkerij, brieveskriuwerij, brievewiksel, brievewikseling as Fryskere alternativen. Briefkje en briefkerij komme fan dy rychjes it faakst foar en wurde by dizzen oanrikkemandearre.

Tink derom dat de tiidwurden brieveskriuwe en brievewikselje net skiedber binne. Betink ek dat, oars as wat je rûnom hearre, it yn it Frysk brievekaart en brievepapier is.

fryskhynder

It Frysk hynder is it âldste ynlânske hynsteras fan Nederlân. Syn woartels geane fier werom yn’e tiid. Al yn de 13e ieu wie de Fries bekend en de Fries fan no fertoant noch hieltiten dúdlike oerienkomsten mei syn fiere foarâlden.

‘In plaats van’ is net yn plak fan, mar ynstee fan. It kin yn guon gefallen ek mei foar oerset wurde.

It wurdboek F-N kart yn pleats fan en ynpleats fan ek goed. It (grut) wurdboek fan de Fryske taal (diel 16) jout ek yn ‘e pleats fan as alternatyf.

In pear foarbylden:
Ynstee fan ús heit gie ús mem nei stêd ta.
Foar dy haw ik leaver in oar.
.

Binnen is in geef Frysk wurd yn de neikommende foarbylden: Boersma is binnen (hoecht net mear te wurkjen), binnen de muorren fan it Provinsjehûs, oan ‘e binnenkant, it hea is binnen, ensfh.

Der binne lykwols (tal fan) oare gefallen dêr’t binnen net brûkt wurde kin. In pear foarbylden:
– Boersma is yn ‘e hûs (net bûten dus)
– In projekt yn it ramt fan Fryske Fiersichten (yn ferbân mei, as ûnderdiel fan wat der neamd wurdt)
– Kom deryn!
Yn it Provinsjehûs hingje tal fan keunstwurken.
– Der binne in soad enkêteformulieren ynkommen.
– Hy woe o sa graach wat op it kleed bringe, mar der skeat him neat yn ‘t sin (en net: te binnen).

 

Beide wurden wurde gauris ferkeard brûkt. By Fries (it Fryske wurd) giet it om in haadwurd (zelfstandig naamwoord) en dat wurdt mei in haadletter skreaun. Dat is allinnich it gefal as wy it oer in manlike ynwenner fan Fryslân hawwe. Mei in lytse letter is it in giele bakstien fan Fryske klaai. It is ek in term út ‘e boukeunst. De útspraak is yn beide gefallen in delgeand twalûd [i.ə], mei de klam op de i dus.

Frysk is in haadwurd as dêr de taal mei bedoeld wurdt en is in eigenskipswurd (bijvoeglijk naamwoord) om oan te jaan dat it ien of oar út Fryslân komt of dêrmei te krijen hat: Fryske produkten, it Fryske plattelân. It wurdt altyd mei in haadletter skreaun en de útspraak is in koart ienlûd [y].

N.B. Yn “Bûter, brea en griene tsiis, wa’t dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries” rymje tsiis en Fries net rjocht, want yn tsiis giet it om in lang ienlûd [ii]. De útspraak wurdt taskreaun oan Grutte Pier om Friezen fan de Hollânske en Saksyske besetters, yn dat gefal op ‘e Sudersee, ûnderskiede te kinnen. Wa’t oer it tongbrekkerssechje stroffele, waard de kop ôfslein. De skippen waarden yn ‘e brân stutsen.

 

It sabeare (pseudo-) Fryske yts bestiet net, al is it rûnom te hearren. It Frysk hat dêr it ûnbeskaat foarnamwurd eat (skriuwtaal) of wat foar.

Noch slimmer en lykas de Nederlânske wjergader dus ôf te karren: ik hie sa yts fan ….. Sokssawat is it geef Fryske wurd foar ‘zoiets‘.

 

Wy hearre faak in dúdlik d-lûd as beide wurden yn it meartal brûkt wurde. Dat is yn dat gefal gjin geef Frysk.

It getal 100 wurdt as hûndert skreaun en it meartal dêrfan is dus hûnderten.
It getal 1000 wurdt as tûzen skreaun en it meartal dêrfan is dus tûzenen.

‘Vele duizenden’ kin oerset wurde mei tûzenen en tûzenen of mei ferskate tûzenen.

 

It mulwurd (voltooid deelwoord) sjoen fan it tiidwurd sjen is geef Frysk yn in sin as “Ik haw dy juster sjoen”.
Sjoen as ferhâldingswurd (voorzetsel) kin lykwols net: “Sjoen de foarskiednis sette wy it ûnderwerp op ‘e wurklist” moat dus ôfkard wurde.
Mei it each op is dêr dé útdrukking foar. It sintúchlike aspekt bliuwt der sa ek yn (sjen dogge je mei de eagen).