ein

De Wylde Ein (Anas platyrhynchos) is in fûgel út it skaai fan de Einen en de famylje fan de einfûgels dy’t yn Fryslân in protte foarkomt.

De jerke is goed wer te kennen oan syn glânzjende griene kop, syn wite halsbân en syn kastanjebrune boarst.

It brune wyfke is minder opfallend. Beide einen hawwe in blau plak op de wjukken, mei wite streken der bylâns.

De wylde ein is sa’n 58 sm lang en tusken de 700-1500 gram swier.

 

baarch

De baarch is een yntelligint, nijsgjirrich, sosjaal en, nettsjinsteande syn reputaasje, relatyf skjin bist, dat goed te belearen is.

Troch fokkerij besteane der hjoed de dei witwat ûnderskate bargerassen. As selskipsdier is fral it hingbúkswyn populêr.

Yn grutte parten fan ‘e wrâld besteane populaasjes fan ferwyldere bargen, wêrfan’t de foarâlden faak útset binne troch westerske seelju om op fêste punten op harren reizen oan farsk fleis komme te kinnen.

 

Beide wurden wurde gauris ferkeard brûkt. By Fries (it Fryske wurd) giet it om in haadwurd (zelfstandig naamwoord) en dat wurdt mei in haadletter skreaun. Dat is allinnich it gefal as wy it oer in manlike ynwenner fan Fryslân hawwe. Mei in lytse letter is it in giele bakstien fan Fryske klaai. It is ek in term út ‘e boukeunst. De útspraak is yn beide gefallen in delgeand twalûd [i.ə], mei de klam op de i dus.

Frysk is in haadwurd as dêr de taal mei bedoeld wurdt en is in eigenskipswurd (bijvoeglijk naamwoord) om oan te jaan dat it ien of oar út Fryslân komt of dêrmei te krijen hat: Fryske produkten, it Fryske plattelân. It wurdt altyd mei in haadletter skreaun en de útspraak is in koart ienlûd [y].

N.B. Yn “Bûter, brea en griene tsiis, wa’t dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries” rymje tsiis en Fries net rjocht, want yn tsiis giet it om in lang ienlûd [ii]. De útspraak wurdt taskreaun oan Grutte Pier om Friezen fan de Hollânske en Saksyske besetters, yn dat gefal op ‘e Sudersee, ûnderskiede te kinnen. Wa’t oer it tongbrekkerssechje stroffele, waard de kop ôfslein. De skippen waarden yn ‘e brân stutsen.

 

hoarnule

De Hoarnûle (Asio Otus) is in 36 sm grutte ûle dy allinnich nachts aktyf is. Oerdeis sit er meast yn de beammen ferskûle. By winterdei siket er hjirta grien bliuwende beammen út, lykas as spjirren. De Hoarnûle is goed werkenber oan syn grutte earplûmen.

De Hoarnûle brûkt foar it brieden meast nêsten fan de krie. Yn april oant maaie begjint it wyfke op sa’n 5-6 aaien te brieden. De aaien komme út nei sa’n 26 dagen. Lykas by de measte ûlen begjint it wyfke fuort by it earst leine aai te brieden. It gefolch dêrfan is dat de jongen yn it nêst net likegrut binne. De jongsten binne lytser en hawwe in lytsere kâns om út te fleanen as de âldsten.

 

fjildmus

Dizze soarte komt foar yn hast hiel kontinintaal Jeropa (ynkl. Nederlân) en yn westlik Sibearje en dielen fan Sintraal-Aazje. De fjildmûs is yn Fryslân ien fan ‘e meast foarkommende wrotmûzen.

Hoewol’t er minskeskou is, kin er soms fan in ôfstân waarnommen wurde as er op ‘e efterpoaten steand om him hinne gluorket.

Foar de lânbou wurdt dizze soarte soms as in pleachdier beskôge.

 

It sabeare (pseudo-) Fryske yts bestiet net, al is it rûnom te hearren. It Frysk hat dêr it ûnbeskaat foarnamwurd eat (skriuwtaal) of wat foar.

Noch slimmer en lykas de Nederlânske wjergader dus ôf te karren: ik hie sa yts fan ….. Sokssawat is it geef Fryske wurd foar ‘zoiets‘.

 

klyster

De Klyster, ek wol Swarte lyster neamd, (Turdus merula) is in fûgel út de famylje fan de lysterfûgels.

It mantsje sit hielendal swart yn de fearren, fandêr ek syn Ingelske namme Blackbird. Fierder hat hy grize poaten en in giele snaffel en in giele ring om it each, It wyfke is hiel ûnopfallend mei brúngrize fearren en ek gjin giele snaffel of ring. De Klysters binne sa’n 25 sm grut.

 

Wy hearre faak in dúdlik d-lûd as beide wurden yn it meartal brûkt wurde. Dat is yn dat gefal gjin geef Frysk.

It getal 100 wurdt as hûndert skreaun en it meartal dêrfan is dus hûnderten.
It getal 1000 wurdt as tûzen skreaun en it meartal dêrfan is dus tûzenen.

‘Vele duizenden’ kin oerset wurde mei tûzenen en tûzenen of mei ferskate tûzenen.

 

markol

De Markol (Fulica atra) is in 38 sm grutte wetterfûgel. Hy is hielendal swart mei in wite snaffel en in wite foarholle. Markols komme in protte foar op marren en yn fearten yn ‘e buert fan reidseamen.

De markol wurdt yn Fryslân ek wol beneamd as Blêsein, Blêskop, Dútser, Merkel, Merkol, Poep as Swarte Blêsde Ein.

De Markol dûkt in protte nei iten, benammen nei wetterplanten. Hy yt ek wol ynsekten en slakken. De Markol is net sa bêst op de wjukken. Meastal as er hurd fuort wol, rint er fladderjend oer it wetter sûnder echt te fleanen. Ek by it omheech kommen om te fleanen rint er earst in ein oer it wetter.