Sjoen

It mulwurd (voltooid deelwoord) sjoen fan it tiidwurd sjen is geef Frysk yn in sin as “Ik haw dy juster sjoen”.
Sjoen as ferhâldingswurd (voorzetsel) kin lykwols net: “Sjoen de foarskiednis sette wy it ûnderwerp op ‘e wurklist” moat dus ôfkard wurde.
Mei it each op is dêr dé útdrukking foar. It sintúchlike aspekt bliuwt der sa ek yn (sjen dogge je mei de eagen).

 

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *