Stikelbaarch – Egel

ychel

De stikelbaarch (Latynske namme: Erinaceus europaeus), ek wol ychel, ychelbaarch of ychelswyn neamd, is in wiid ferspraat sûchdier út ‘e famylje fan de stikelbargen (Erinaceidae), dat yn Fryslân rûnom foarkomt.

Om ûnderskie te meitsjen mei oare stikelbargesoarten wurdt er ek wol oantsjut as de gewoane stikelbaarch, de westlike stikelbaarch of de Jeropeeske stikelbaarch.

It is in bekende ferskining yn tunen yn West-Jeropa. De stikelbaarch is benammen bekend om syn stikelpels en syn gewoante om him by gefaar op te rôljen.

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *