Earrebarre – Ooievaar

De earrebarren komme foar in grut part fan Jeropa en Afrika. It is in echte trekfûgel; de fûgels dy’t yn Jeropa briede oerwinterje yn Afrika. By de reis nei syn winterferbliuw mijt er de see. De fûgels berikke Afrika dan ek troch by Gibraltar fan Spanje út oer te stekken, en de eastlike fûgels geane oer Turkije.
De fûgels dy’t de westlike rûte oer Spanje nimme oerwinterje yn de Sahel lannen yn West-Afrika. De earrebarren dy’t de eastlike rûte nimme geane hielendal troch nei Súd-Afrika.

De oarspronklike Nederlânske populaasje bestie út fûgels dy’t beide trekrûtes brûkten, de tsjinwurdige populaasje brûkt allinnich de westlike rûte en oerwinteret yn West-Afrika.

De Earrebarre wurdt yn it Frysk ek wol oantsjutten mei: Eiber, Eibert as Prikkedief.

Jou jo reaksje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *