Fierder

Faaks ûnder ynfloed fan it rangtelwurd fjirde (bgl. “Wy sykje in fjirde man”) wurdt fierder (verder) faak ferkeard stavere en as fjirder skreaun.

It liket geef Frysk en de staveringshifker fynt it ek wol goed – om’t in fjirder in mjitte is –, mar it kin dus net as fergrutsjende trep fan fier (ver).

Fierder, fierders en fierdersoan betsjutte alle trije ‘verder’, ‘vervolgens’.

Jou jo reaksje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *