Rûnom

It brûken fan it net as sadanich besteande ferhâldingswurd (voorzetsel) rûnom is net op syn plak yn in sin as ‘Mei de tariedings rûnom de ferkiezings is hjoed úteinset’.

Oangeande soe dêr wol kinne, yn ferbân mei ek wol, mar foar is yn dat gefal noch in stik liniger.

‘Rondom Leeuwarden’ wurdt as ‘Om Ljouwert hinne’ oerset.

It bywurd rûnom is in synonym fan oeral, yn it Nederlânsk ‘overal’. Oeral betsjut trouwens ek ‘opgewonden’ en ‘overhoop’. De Oeral is in geberchte op de grins fan Europeesk en Aziatysk Ruslân en Oerol is in wiidferneamd muzyk- en (strjit)teaterspektakel yn juny op Skylge.

Yn it rûnom – en dêr is rûnom in haadwurd – betsjut oan alle kanten.

 

Jou jo reaksje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *