Sinteklaas – Sinterklaas

Omreden dat de âld man no wer even aktueel is:
Yn’t geef Frysk hyt de man Sinteklaas en net Sinterklaas.

Yn Nederlân wurdt benammen de Pakjejûn op 5 desimber en yn Belgje de nammedei fan 6 desimber fierd. Doe’t it Sinteklaasfeest yn Nederlân foaral in bernefeest wie, fûnen de bern op 6 desimber snobbersguod of kadokes yn harren skoech of klompe. Dy waarden op de foarjûn by de hurd setten.

De ûnderwizer Jan Schenkman skreau yn 1850 in lêsboekje mei de titel “Sint Nikolaas en de Knecht”. Dat boekje hat grutte ynfloed hân op de hjoeddeiske tradysje. Schenkman kaam mei trije nije eleminten: in feint foar Sinteklaas, in yntocht en de stoomboat.

Jou jo reaksje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *